Bûtenboardmotor rôversguod

29 jun 2010 - 09:55
  • Foto: Omrop Fryslân

De plysje warskôget boateigners om goed om de bûtenboardmotor te tinken. De lêste wiken hawwe dieven ûnder oare yn Boalsert, Snits, Heech, Grou en Earnewâld sokke motoaren stellen.

Stellerij fan bûtenboardmotoaren kin tefoaren kaam wurde mei in spesjaal motorslot. Fierders kin registraasje fan 'e motor de plysje ek helpe by de opspoaring. De plysje wol graach dat de eigners dat foaral dogge. Lang net elkenien hat de motor merkt en registrearre.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)