Bûtenboardmotoaren Wettersport Feriening Heech stellen

18 jul 2015 - 09:26

Ynbrekkers hawwe yn de nacht fan tongersdei op freed by Wettersport Feriening Heech fjouwer bûtenboardmotoaren stellen. Neist de motoaren waarden ek brânstoftankjes meinaam.

De skea is sa'n 10.000 euro. Om binnen te kommen waard de loads oan It Eilân iepenbrutsen. Om it stellen guod mei te nimmen, waard in oanhingwein brûkt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)