Bûtenboardmotoaren stellen

22 jul 2004 - 09:49

By in ynbraak yn in bedriuw yn Warkum binne moandeitenacht trettjin bûtenboardmotors stellen en ek twa ynboardmotoaren binne fuort. De motoaren sieten oan elkoar fêst mei in stielkabel. Dy is trochknipt. Ek is in oanhingwein fan it terrein stellen.

De dieven kamen it gebou yn troch in syddoar iepen te brekken. De dieven ha de hiele saak trochsocht. De wearde fan de motoaren wurdt rûsd op 25.000 euro.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)