Busûngelok by Ingelum

31 jul 2013 - 11:14
  • de bus yn de sleat by Ingelum
  • Bus yn sleat by Ingelum
  • Bus yn sleat by Ingelum
  • Bus yn sleat by Ingelum

By in busûngelok by Ingelum binne woansdeitemoarn trije Arubanen licht ferwûne rekke. Ien moast nei it sikehûs. De Arubanen sieten yn in touringcar fan it bedriuw Brouwers Tours út Noordwijk. De likernôch tritich passazjiers kamen fan Skiphol. De bus is yn in bocht fan de smelle Tilledyk de sleat yn gliden.

De bus hie in karmerk en foldie oan strange feiligenseasken. De Arubanen binne oppikt troch in bus fan Dalstra. Dy sil harren fierder bringe nei harren bestimming.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)