Bûste fan Riemer is fuort

16 mrt 2009 - 16:29
  • De búste fan Riemer sit noch ûnder in kleed...

Yn 2006 naam er ôfskie as foarsitter fan sc Hearrenfean: Riemer van der Velde. In reden foar it bestjoer om fan 't boechbyld fan de klup in boarstbyld meitsje te litten. De búste is twa jier werom makke en soe in prominint plakje krije yn it stadion. Mar dat is der noch net fan kommen...

It boarstbyld is makke troch keunstner Hans Jouta, dy't ek it byld fan keatser Hotse Schuil makke. Jouta begrypt net wêrom't der noch neat mei it byld fan Van der Velde dien is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)