Busstakings gean moandei troch

15 jun 2008 - 17:21
  • Stakings yn busferfier gean troch

De stakings yn it busferfier gean moandei gewoan troch, hoewol't wurkjouwers en fakbûnen ferline wike freed in cao-akkoart sletten ha. Mei de aksjes wolle de fakbûnen it kabinet ûnder druk sette om mear jild beskikber te stellen foar it streekferfier.

Hoewol't der yntusken in tasizzing leit fan steatssekretaris Huizinga fan Ferkear dat der mear jild komt, ha de bûnen dêr gjin fertrouwen yn. De aksjes binne dêrom noch net fan de baan.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)