Busstakings begjinne tiisdei

20 maaie 2008 - 07:06
  • Tiisdei, woansdei en tongersdei binne der opnij stakings

Eksamenlearlingen moatte tiisdei op 'e tiid op skoalle wêze of se moatte nei it eksamen mooglik noch oeren wachtsje op 'e bus. Tiisdei, woansdei en tongersdei binne der opnij stakings fan ûntefreden bussjauffeurs yn ferbân mei in cao-konflikt. It bod dat de wurkjouwers dit wykein diene wie foar de fakbûnen ûnakseptabel.

Om de eksamenlearlingen temjitte te kommen ride de sjauffeurs de kommende dagen wol yn de spits, mar dêrbûten litte se de bussen stean.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)