Busstaking treft eksamens

20 maaie 2008 - 14:57
  • Eineksamenlearlingen kinne dreech op skoalle komme fanwege busstaking

De stakings yn it busferfier soargje foar problemen by de skoaleksamens. Guon learlingen koene tiisdei allinnich yn de spits gebrûk meitsje fan de bus. Dêrnei ride de bussen net mear. De measte eksamens begjinne lykwols pas middeis. Yn in soad gefallen waarden de âlden frege mei de auto te riden of de learlingen kamen op 'e fyts.

Learlingen dy't gjin eksamen hiene, bleaunen yn guon gefallen thús fan skoalle.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)