Bussjauffeurs yn aksje

08 apr 2008 - 10:42
  • Fergees ferfier foar heger lean

De bussjauffeurs fan Arriva hâlde meikoarten aksjes foar in heger lean. De sjauffeurs ferfiere seis dagen lang har passazjiers fergees. De earste dei dat se dat dogge is 30 april. Ek yn de earste twa wiken fan maaie wurdt de aksje hâlden.

De sjauffeurs wolle in leansferheging fan 3,5 prosint. Neffens Arriva is der gjin jild om dat te beteljen. Mocht it fergees ferfier gjin effekt ha, dan driigje de sjauffeurs mei stakings.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)