Bussjauffeur mishannele

15 jan 2010 - 20:39

Op it stasjon fan Ljouwert is in bussjauffeur fan Connexxion mishannele. Hy krige klappen fan fjouwer jongens. Dy foelen de sjauffeur samar oan.

De dieders binne útnaaid yn de rjochting fan de Ljouwerter binnenstêd. De plysje hat in burgernetaksje op tou set. Der kamen in soad tips binnen mar de dieders binne net oantroffen. It is noch net dúdlik oft de jongens ek jild stellen ha.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)