Bussjauffeur krijt klappen

10 maaie 2008 - 14:08

In bussjauffeur is freed yn Drachten mishannele troch in frou. Sy wie lilk dat de bussjauffeur har dochter moarns yn Burgum net meinimme woe. It famke woe foar 1 euro reizgje, mar dat koe net neffens de sjauffeur.

De mem fan it famke wie sa boas dat se mei de auto nei Drachten ried en de bus op it busstasjon yn Drachten opwachte om har gelyk te heljen. Beide krigen wurden en úteinlik joech de mem de sjauffeur in klap. De plysje ûndersiket noch wa't de mem is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)