Bussen ride wer yn spits

12 jun 2008 - 15:22
  • Yn de spits kin men wer ynstappe

Foar it earst yn alve dagen rieden der hjoed wer bussen yn de spits yn de hiele provinsje. Dat wie net frijwillich, mar omdat de rjochter dat tiisdei bepaald hat. Dy hat de stakings yn de trije noardlike provinsjes yn de spitsoeren ferbean.

De sjauffeurs giene fan ´e moarn tsjin it sin oan it wurk en hâlden har eksakt oan de tiden. Se binne ûntefreden. Se moatte wer oan it wurk, mar ha noch gjin bettere cao. Tusken 4 en 7 oere moatte de bussen ek wer ride.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)