Bussen op plattelân belangryk

16 nov 2011 - 08:55

De provinsje wol it busferfier op it plattelân oerein hâlde. Der sil dan foaral sjoen wurde nei wêr't de bussen it hurdst nedich binne.

Dat is woansdeitemoarn sein op in byienkomst oer de oanbesteging fan it busferfier yn Noard- en Súdwest-Fryslân en Skiermûntseach. Op Skier

komme elektryske bussen en rûnom yn de provinsje komme gasfolynstallaasjes foar bussen op grien gas. Foar de konsesje is 23 miljoen euro beskikber. De ferfierder kin dan maksimaal tsien jier it ferfier yn de provinsje fersoargje. Yn maart wurdt bekend hokker ferfierder dat is.

 

 

 

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)