Bussen net klear: boete Arriva

10 des 2012 - 16:17

Busbedriuw Arriva moat in heal miljoen euro boete betelje, omdat de nije bussen net allegearre op tiid ride. Dat seit deputearre Johannes Kramer.

Arriva hie nije bussen besteld by busbouwer VDL op It Hearrenfean. Offisjeel moasten dy hjoed, by it yngean fan de nije tsjintregeling, allegearre klear wêze. VDL woe de oarder graach útsmarre om foar te kommen dat 170 man personiel sûnder wurk reitsje soe. Ferfiersbedriuw Arriva stimde dêrmei yn, mar de provinsje fynt dat it offisjeel net neffens de ôfspraak is, seit deputearre Kramer.

Direkteur Hettinga fan Arriva wit offisjeel noch neat fan de boete. Hy wol dêrom net op reagearje op it nijs fan de boete. Deputearre Kramer seit dat de opbringst fan de boete brûkt wurdt om knipepunten yn de tsjinstregeling op te lossen. Tocht wurdt dan bygelyks oan buslinen dêr't no klachten oer komme omdat der minder bussen ride. Underwilens hat busbouwer VDL wol wer sicht op nij wurk, ûnder oare fan in opdrachtjouwer út Dutslân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)