Bussen nei asyl-Keamerdebat

09 feb 2004 - 00:00

Sa'n 2500 minsken hawwe moandei yn Den Haach protestearre tsjin it útsettingsbelied fan minister Verdonk fan Frjemdlingesaken. De Twadde Keamer debatearre moandei oer it belied fan de minister oangeande útprosedearre asylsikers.

De aksjefierders woene de minister witte litte dat se it net iens binne mei it strange belied. Ek út Fryslân wei hawwe twa bussen fol demonstranten nei Den Haach west.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)