Bussen ek lêst fan de snie

04 des 2010 - 15:21

Connexxion warskôget dat bussen yn de provinsje lêst ha kinne fan fertraging troch de snie. It giet benammen om bussen yn it suden fan de provinsje.

Ek oare ferfiersbedriuwen jouwe dy warskôging, Arriva jout oan dat de treinen yn de provinsje wol op tiid ride. It ferkear yn Fryslân hat sneontemiddei flink oerlêst hân fan de snie. Op de measte grutte diken is al struid. By De Jouwer binne snieskowers ynset. De plysjes warskôget automobilisten net te hurd te riden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)