Bussen Arriva ride woansdei oant 18.00 oere

06 jan 2016 - 16:38

De bussen fan Arriva ride nei 18.00 oere net mear. Dêrom begjint de ferfierder no mei in spesjale thúskomstregeling. Dat hâldt yn dat der op alle ferbingings twa kear yn 'e oere bussen ride. Doel is om alle minsken dy't woansdeitemoarn yn de bus stapt binne, jûns ek wer thús te bringen.

Reizgers moatte no wol fuortendaliks rjochting bushalten gean. De treinen fan Arriva ride allegear gewoan neffens de tsjinstregeling.

De meast aktuele stân fan saken is te finen op de webside fan Arriva.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)