Busreis mei jeugdpoëzij

16 jan 2012 - 21:41

Minsken dy't fan gedichten hâlde, kinne takom wike tongersdei yn de bus harren hert ophelje. It is dan nasjonale gedichtedei. Yn ferskate Fryske bussen stappe in tal jongeren dy't eigen gedichten foardrage oan de reizgers.

It giet om in inisjatyf fan deputearre Johannes Kramer. Ferfierder Connexxion hat it konsept mei Tresoar ûntwikkele. Dizze wike lizze der al flyers yn de bussen dêr't de foardracht yn oankundige wurdt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)