Busreis foar fans fan Weening

18 mrt 2006 - 10:29

De supportersklub fan hurdfytser Pieter Weening fan De Harkema organisearret in busreis nei de de Amstel Gold Race yn Valkenburg. It is de bedoeling dat de fans plak nimme op de Cauberg, dêr't ek de einstreek is. De fans kinne harren opjaan fia www.pieterweening.nl.

Ferline jier hie de supportersklub ek in reis organisearre. Doe wiene de fans oanwêzich by de lêste etappe fan de Tour de France. Weening wûn doe de etappe nei Gérardmer.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)