Buspeal Ljouwert wer omriden

12 okt 2007 - 15:27
  • It pealtsje is folslein losrekke..
  • In ûndernimmer oan it Rúterskertier nimt it pealtsje mei..

It is op'e nij misgien mei it ferneamde buspealtsje op it Ruterskertier yn Ljouwert. In autobestjoerder seach de peal te let en botste der op. De metalen peal waard losrukt en meisleept oer strjitte.

De bestjoerder ferklearre dat hy de warskôgingsbuorden wol sjoen hie, mar tocht dat dy allinnich jilden foar frachtauto's. De gemeentse sil de peal sa gau as mooglik wer meitsje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)