'Bûskestellerij melde'

24 feb 2007 - 10:30

De plysje is op syk nei slachtoffers fan in groep sakkerollers yn Ljouwert. Tiisdei hearde de plysje fan in tsjûge dat in groepke jongeren in beurs stellen hie út de bûse fan in foarbygonger. Dat wie middeis op de stille kant fan de Nijstêd.

De plysje hat in goed idee wa't de dieders binne, mar der is gjin oanjefte dien. De plysje freget slachtoffers mei klam om har wol te melden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)