Buskes Boekema yn beslach naam

11 apr 2011 - 12:01
  • De buskes binne ophelle troch de leasemaatskippij

18 fan de 70 meiwurkers fan taksy Boekema út Grou ha al wer nij wurk. It ferfier dat Boekema die foar Talant wurdt oernaam troch taksy Witteveen en ek de sjauffeurs dy't de Talant-ritten diene binne oernaam.

Tissdei wurdt it faillisemint fan Boekema útsprutsen. Ferline wike freed binne de 26 taksibuskes ophelle troch de leasemaatskippij. De wurknimmers fan Boekema hawwe gjin betrouwen mear yn in trochstart of oername. Se ha har moandei allegearre meld by it UWV.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)