Buske slacht oer de kop en bedarret yn de sleat

24 nov 2015 - 21:32
  • Buske yn de sleat tusken Tsjerkwert en Parregea

In buske is tiisdeitejûn yn de sleat bedarre op de N359 tusken Tsjerkwert en Parregea. De bestjoerder rekke om ûnbekende reden fan de wei, sloech oer de kop en kaam yn de sleat telâne.

Brânwacht, plysje en ambulânse wiene gau op it plak fan it ûngelok, mar de bestjoerder en in bern dat yn it buske siet, wiene der al út klommen. De bestjoerder is foar kontrôle nei it sikehûs brocht. It bern kaam mei de skrik frij.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)