Buske op de kop yn de sleat

02 feb 2014 - 12:30
  • Helptsjinsten by it ferûngelokke buske by De Haule

By in ûngelok op de Tonckenswei yn De Haule is sneontejûn in man fan 25 jier út Wynjewâld ferwûne rekke. De man rekke troch noch ûnbekende oarsaak de macht oer it stjoer kwyt. Mei syn bestelbuske bedarre er yn de berm en rekke oer de kop yn de sleat.

De brânwacht moast it slachtoffer út it buske helje. Mei ferwûnings oan it skouder is er mei de sike-auto nei it sikehûs yn Drachten brocht.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)