Buske lanseard troch djiplader

02 mrt 2009 - 22:21
  • It buske bedarre boppe op in oare auto (foto Jan Beets, Radio NOF)

Op Provinsjalewei tusken Surhústerfean en de Grinzer Pein is moandeitejûn in man ferwûne rekke by in wol hiel apart ûngelok. De man is mei syn bus mei de rjochtertsjillen by in djiplader opriden en waard dêrtroch lanseard. Hy kaam 40 meter fierder del op in auto dy't neist in hûs stie.

Beide auto's en ek de gevel fan it hús rekken swier skansearre. De bestjoerder is foar ûndersyk oerbrocht nei it sikehús.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)