Bûsjildprojekt in súkses

16 maaie 2007 - 16:36

It bûsjildprojekt fan de stifting Jessour yn Ljouwert is sa'n sukses dat no ek oare Fryske gemeente der ynteresse yn ha. De stifting helpt jongeren dy't dreech in bybaantsje fine kinne. It giet dan foaral om allochtoane jongeren.

Goed 70 jongeren binne al holpen en der is noch in wachtlist fan 80. Wurkjouwersferiening VNO-NCW hat de stifting woansdei 23.000 euro jûn foar har wurk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)