Bûsjildprojekt makket kâns

06 okt 2010 - 22:18

It bûsjildprojekt yn Ljouwert bliuwt bestean. It CDA wol mei in moasje dit projekt foar kânsearme jongeren bûten de besunigings fan 12 miljoen euro hâlde. It liket derop dat der stipe genôch is yn de ried. Yn it projekt dogge jongeren yn probleemwiken putsjes en dêr fertsjinje se wat jild mei. It kostet de gemeente 55.000 euro yn it jier.

De klokkespiler liket ek bliuwe te kinnen. De oare besunigingen geane nei alle gedachten gewoan troch.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)