'Businesspark moat bliuwe'

02 aug 2002 - 00:00

De gemeente Hearrenfean wol fierder mei it ynternasjonaal businesspark sa't it oarspronklik bedoeld wie. Dat seit wethâlder Bouwers. Dat betsjut dat noch hieltyd ynset wurdt op it oanlûken fan bedriuwen dy't ynternasjonaal opereare.

Tongersdei waard bekend dat kompjûter- assemblaazjebedriuw SCI út Hearrenfean wei giet. De gemeente wol ûnder oare mei de wurknimmers prate oer de takomst.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)