Business-priis foar sikehûs yn Drachten

01 jan 2016 - 12:35
  • Sikehûs Nij Smellinghe yn Drachten

Sikehûs Nij Smellinghe yn Drachten hat syn earste ûnderskieding fan it jier binnen. It giet om de Nationale Business Succes Award. It sikehûs wûn dy yn de kategory algemiene sikehuzen. Neffens de sjuery fertsjinnet Nij Smellinghe de priis ûnder oare fanwegen de persoanlike oandacht foar de pasjint, de hege kwaliteit fan de soarch en de fernijings.

De priis giet út fan it Nationaal Business Succes Award Instituut, dat mei de priis sukses stimulearje wol.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)