Bushokje soarget foar oerlêst

20 apr 2001 - 00:00

It bushokje ferdwynt út it sintrum fan Droegeham. In oanhâldende stream fan klachten hat de gemeente Achtkarspelen ta dit beslút brocht. As nije lokaasje foar de abry wurdt tocht oan de Tillewei by de rûnwei om Droegeham hinne, om't dêr gjin bebouwing is.

De jeugd fan Droegeham hat noch gjin eigen honk en hinget dêrom jûns en yn 'e wykeinen faak yn it bushokje om.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)