Bushokje mei sporthelden

08 okt 2012 - 11:11

Op It Hearrenfean is moandei in bysûnder bushokje yn gebrûk naam. It hokje is opknapt en der binne portretten op skildere fan Epke Zonderland, Sven Kramer en Foppe de Haan. De sportikoanen binne ferbûn mei It Fean. Deputearre Johannes Kramer die de ûntbleating.

De ôfrûne simmer binne fiif busstasjons yn Fryslân ûnder hannen naam troch skjinmakkers en fervers. Njonken It Hearrenfean binne dat ek de busstasjons yn Snits, Dokkum, Easterwâlde en Ljouwert.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)