Bushokje fernield Frjentsjer

06 sep 2009 - 15:00

De plysje hat yn de nacht fan sneon op snein yn Frjentsjer twa 17-jierrige jonges út Hjerbeam oanholden foar fernieling fan in bushokje. Om 03.00 oere hinne krige de plysje fia 1-1-2 in melding oer de fernieling.

De plysje gong nei it plak en seach dat de twa dieders har besochten te ferstopjen achter it fernielde bushokje. It duo waard oanholden en oerbrocht nei it plysjeburo dêr't se ynsletten binne. Der is proses-ferbaal tsjin har opmakke.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)