Busferfier werom nei Arriva

20 mrt 2012 - 16:38

Busferfierder Arriva mei de kommende 8 jier it busferfier dwaan yn Noard- en Súdwest-Fryslân en yn Ljouwert. Neffens de provinsje hie Arriva it bêste oanbod. Sa wurde der 190 nije bussen oanskaft en sille de stedsbussen yn Ljouwert op grien gas ride. Op Skiermûntseach komme elektryske bussen te riden.

Foar Arriva is de nije konsesje in grutte opstekker. De ferfierder wie de ôfrûne jierren sa'n bytsje al it busferfier yn Fryslan kwytrekke oan Connexxion en Qbuzz. Neist Arriva hiene ek Qbuzz en Connexxion ynskreaun.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)