Busferfier Waadeilannen regele

29 des 2007 - 12:25
  • busferfier op de Waadeilannen is fersekere foar de takomst

Op de Waadeilannen ride ek nei 1 maart gewoan bussen. Dat hat de provinsje tasein. Op 1 maart rint de konsesje mei Arriva ôf en der is noch gjin nije ferfierder fûn. De konsesje mei Arriva wurdt dêrom nochris ferlingd oant jannewaris 2009.

Provinsje en ferfierders prate meikoarten oer de perioade dêrnei. Dan komme ek de oanfoljende winsken fan de Waadeilannen oan bod, lykas duorsumens en fergees iepenbier ferfier.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)