Busferfier nei gemeenten?

18 nov 2010 - 10:11
  • It ferfier yn de griene en ljochtgriene gebieten soe oernaam wurde kinne troch de gemeenten

Deputearre Piet Adema wol sjen oft it ek mooglik is om it iepenbier busferfier op it plattelân oer te litten oan de gemeenten. Dêrfoar wol er takom jier in proef opsette yn de nije gemeente Súdwest Fryslân.

De provinsje jout it ryksjild foar dat ferfier dan troch oan de gemeente. De gemeente kin it iepenbier ferfier dan kombinearje mei it besteande learling- en WMO-ferfier.As de provinsje sels it nivo fan iepenbier ferfier hâlde wol sa't it no is, moat der jild by.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)