Busferfier giet op 'e kop

16 mrt 2005 - 23:31

It folsleine iepenbier ferfier yn Fryslân giet op de kop. Sa bliuwe der noch mar trije ferskillende rûtetypes oer. De earste is it type rûte dêr't in protte passazjiers meiride lykas de busferbining Dokkum-Ljouwert.

Dan binne der noch de rûtes dy't allinnich drok binne yn de spits en der komt in systeem foar saneamde buert- en doarpsbussen. De provinsje hat de takomst fan it iepenbier ferfier yn Fryslân nei 2006 yn kaart brocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)