Busferfier Arriva leit plat

10 des 2004 - 10:38

It busferfier yn it Noarden leit tongersdei foar in grut part plat. De staking fynt inkeld plak by Arriva. Dy busmaatskippij wol fanwege in besuniging 62 riders dien jaan. De fakbûnen easkje dat der gjin twongen ûntslagge komme, mar de direksje kin dat net garandearje.

Yn Fryslân ride gjin Arriva-bussen út Drachten, It Hearrenfean en Easterwâlde wei. Dupearre reizgers krije sjaals en moarnskranten fan Arriva.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)