Bûsehifker oppakt yn Ljouwert

15 feb 2013 - 09:56
  • Oanhâlden

Yn Ljouwert is tongersdei in man sûnder fêst wenplak oanhâlden, omdat er de beurs fan in man stellen hie. It slachtoffer hie krekt boadskippen dien yn in supermerk oan it Hoeksterpaad. Doe't er ôfrekkenje soe, fernaam er dat er syn beurs miste.

Winkelmeiwurkers seagen op kamerabylden dat dy stellen wie troch de fertochte. Dy wie op dat stuit noch yn de winkel en koe oanhâlden wurde. Hy hie de beurs noch by him. De man is meinaam nei it plysjeburo.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)