Bûsehifker aktyf yn Frjentsjer

30 okt 2005 - 16:43

Twa froulju yn Frjentsjer binne sneon it slachtoffer wurden fan it bûsehifker. In 59-jierrige frou út Frjentsjer fytste oer de merk, doe't se troch krige dat har tas net langer yn de fytstas siet.

Yn de tas siet ûnder oare har beurs en wat lytsjild. In 54-jierrige frou út itselde plak liet har tas even oan de fyts hingje yn de Widesteech yn Frjentsjer. Doe't se werom kaam, wie de tas, mei dêryn griente en fruit, fuort.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)