Busbouwer VDL makket bussen feiliger mei AED

19 feb 2015 - 10:52
  • AED werompleatst op doarpshûs De Fochtel

Steds- en streekbussen fan busbouwer VDL op It Hearrenfean kinne tenei in AED, in defibrilator, krije. VDL hat in kontrakt ôfsletten mei Philips, dy't de AED's makket. As de AED's brûkt wurde, kinne helpferlieners op ôfstân meisjen en útlis jaan. Fia gps kinne de helpferlieners ek sjen wêr't de bus stiet. VDL wol op dizze wize de bussen feiliger meitsje foar de passazjiers.

De AED sit net standert yn in bus, in ferfiersbedriuw kin it as opsje bestelle.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)