Bûsboekje nei oare útjouwerij

27 jul 2010 - 14:41
  • Foto: Omrop Fryslân

It ferneamde Frysk Bûsboekje wurdt dit jier foar it lêst útjûn troch it Kristlik Frysk Selskip. It selskip hat 35 jier lang de útjefte foar syn rekken naam. Takom jier sil de Ried fan de Fryske Beweging de aginda fersoargje.

Nei alle gedachten bliuwt foar de ôfnimmers, lykas boekwinkels, alles by it âlde. De keapers binne Friezen, ek om utens. De oplaach is troch de jierren hinne hieltyd minder wurden, fan 8000 eartiids nei 4300 no.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)