Bus tsjin diskriminaasje

17 feb 2008 - 12:19
  • Ien fan 'e anty-diskriminaasjebussen fan Tûmba

Anti-diskriminaasjeburo Tûmba begjint moandei mei syn spesjale buskampanje. Fan dan ôf ride in heal jier lang fjouwer bussen troch Fryslân, dy't minsken wize op it bestean fan Tûmba.

Ut ûndersyk hat bliken dien dat minsken dy't mei diskriminaasje te meitsjen krije, dêr faak neat mei dogge. Se binne bang foar de gefolgen en se tinke ek dat it near helpt as se har melde. Tûmba wol dy minsken helpe.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)