Bus rydt op winkelpublyk yn

11 aug 2003 - 00:00

Op de Nijstêd yn Ljouwert is moandeitemiddei in stedsbus ynriden op winkeljend publyk op de stoepe. De bus rekke allinnich parkearde fytsen en in lampepeal. De sjauffeur wie net goed wurden, en wie de macht oer it stjoer kwytrekke.

Der binne by it ûngelok gjin minsken ferwûne rekke. In stikmannich fytsen binne folslein fernield rekke. De bussjauffeur is oerbrocht nei it sikehûs.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)