Bus nei goedkeaper swimbad

30 apr 2004 - 00:00

Menaam organisearret mooglik sels ferfier nei goedkeapere swimbaden no't rekreaasjepark Schatzenburg 10 euro yntree freget. In taksyferfierder soe dêr wol oan meiwurkje wolle. Freed koe der by wize fan ludike aksje fergees swommen wurde yn in opblaasswimbad op it iisbaanterrein.

Schatzenburg-eigner Van Booma ferheget de prizen om't er gjin subsydzje fan 'e gemeente krijt lykas oare swimbaden. De gemeente wol nei de rjochter stappe.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)