Bus nei Dokkum rydt wer

29 sep 2006 - 10:43

De doarpsbewenners fan Ferwerderadiel kinne aanst wer mei de bus nei Dokkum ta. Kommende moandei rydt de buertbus wer. Nei de boufak hold de tsjinst op omdat der swierrichheden yn it bestjoer wienen. Guon leden koenen it net iens wurde en stapten op.

No is der in nij bestjoer en in nije tsjinstregeling. Der is in lytse oanpassing, want net rendabele tsjinsten op de sneon binne der út. Dat wie ien fan de stroffelstiennen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)