'Bus mei 100 ride op sneldyk'

29 aug 2003 - 00:00

Bussen soene op de sneldiken 100 kilometer yn 'e oere ride moatte. Dat wol it provinsjebestjoer. Hjirtroch moat it busferfier oantrekliker wurde as de auto. De provinsje hat dit tegearre mei de provinsjes Drinte, Grinslân, Oerisel en Flevolân oankaarte by minister Peijs fan Ferkear.

Op oantrunen fan de Twadde Keamer hat âld-minister De Boer fan Ferkear begjin ferline jier al tasein dat de bussen ynkoarten 100 kilometer yn 'e oere meie.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)