Bus kapot: gjin wedstriid Aris

30 sep 2012 - 13:10
  • Aris Ljouwert

De Belgyske basketbalklup Belgacom Luik hat him om dubieuze reden op it allerlêste momint ôfmeld foar in oefenwedstriid tsjin Aris. De kluplieding mailde dat de bus stikken is en dat se dêrom net komme kinne.

Dat diene se om tolve oere, wylst de wedstriid om fjouwer begjinne soe. It is de iepen dei fan Aris en de spilers soene harren presintearje yn de wedstriid tsjin Luik.

De iepen dei giet wol gewoan troch mei ûnder oare in presintaasje fan de ferbouplannen fan sporthal It Kealledykje yn Ljouwert. Dêrnei spylje de basketballers fan Aris no ûnderling in potsje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)