Bus fergees op keninginnedei

19 apr 2012 - 11:14
  • Qbuzz

Minsken dy't op keninginnedei mei de bus troch Fryslân reizgje wolle, kinne dat fergees dwaan. De provinsje hat dat mei de ferfiersbedriuwen Connexxion en Qbuzz regele. It giet yn alle gefallen om alle streekbussen en de stedstsjinsten fan Connexxion yn Ljouwert. Minsken kinne dêr fan moarns betiid oant jûns let fergees ynstappe.

Buertbussen, belbussen en bussen op de Waadeilannen binne net fergees. Itselde jildt foar de measte Q-Liners en bussen dy't rjochting Grinslân en Drinte gean.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)