Bus brânt folslein út

28 apr 2007 - 15:57
  • De bus gie ferlern (foto Willem Elgersma)

Op it busstasjon fan Spannenburch is oan it begjin fan de middei in bus fan Connexxion folslein útbaarnd. Foar safier bekend sieten der in pear passazjiers yn de bus. Dy koene de baarnende bus op 'e tiid ferlitte.

De brânwacht hat it fjoer wol bestriden, mar de bus moat as ferlern beskôge wurde. De brân is ûnstien yn de motor fan de bus warskynlik trochdat dy te hjit wie.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)