Bus botst mei persoane-auto

02 jan 2005 - 15:32

In toeringcar fan Veenstra-reizen út Bûtenpost is nijjiersdei by Noardburgum yn de berm telâne kaam. De bus moast útwike foar in persoane-auto dy't út in parallel- dykje foar de bus de strjitwei opskeat. Yn de persoane-auto sieten twa minsken. Ien dêrfan is mei ferwûnings nei it sikehûs brocht.

De toeringcar wie ûnderweis fan Bûtenpost nei Frankryk foar in skyfakânsje. Der sieten noch gjin toeristen yn. Der is in needbus ynset.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)